Fragminten | Fragminten
cd 2 | CD bestelle | Muzykteater
| Thús | Kontakt
Do
| Hjoed is fantastysk | Gean mei
| Lytse dingen | Dizze stêd
| Ritme fan de leafde | Op 'e kofje
by Pete | Hjir De stoarm
| Rocker | Lichem en geast
| Wekker | Soargje goed foar
dysels | 't Komt altyd wol goed | Thús
***
Do
Do
Do bist sa prachtich
Do
't Is wis en wrachtich
It libben is sa folle moaier
Omdatsto der bist
Do
Do bist in plaatsje
Do
Myn ynspiraasje
It is net mooglik dat der eat
yn 'e wrâld
Mear weard is as dy
Mear weard is as dy
'k
Bin sa bliid datsto do bist
Elk yn de wrâld dy moat witte
Hoe geweldich mâl dat ik mei dy bin
'k Bin sa bliid datsto do bist
Nimmen dy't lykas dy is
Nimmen ea as dy noch prachtiger
As datsto foar my bist
Do
Do bist myn raazje
Do
Bist myn sensaasje
Alle dagen binne
fleuriger, ljochter
Omdatsto der no bist
Omdatsto der no bist
Do
makkest it libben prachtich
Wier, god allemachtich
Bist moaier as de blommen,
beammen, fûgels by inoar
of wat der fierder ek libbet
Bist alle jiertiden, tegearre
sels noch hiel wat better
Better as de moanne, sinne,
stjerren of wat ek mar skynt
<
werom
***
Hjoed
is fantastysk
Myn kop sa faak stjitten, neat mear oan te dwaan
Mar op twa fuotten rin ik in hiel ein
Tink nei foardatst oanpakst
Want ik ha gjin gemak
Juster is hjoed
't falt rau op myn dak
Mar hjoed, hjoed is de dei
Oeh ik ha in goed sin
Hjoed is fantastysk
It bloed krûpt wêr't hinne kin
Myn kop sa faak stjitten, neat mear oan te dwaan
Ik stie om 'e hoeke, wist net datsto kaamst
Tink nei foardatst oanpakst
Want ik ha gjin gemak
Juster hat west
't liket al sa'n tiid lyn
Hjoed is fantastysk mmm
Hjoed is fantastysk mmm
Hjoed is fantastysk, hjoed is moai
Ik ha in goed sin
It bloed krûpt wêr't hinne kin
mmm
<
werom
***
Gean
mei
Ik
gean fuort
Giesto mei?
Earne hjirre hiel fier wei
Dan nimme wy de trein
Ik
gean fuort
Giesto mei?
Earne wêr't wy allebeide
Graach wêze wolle
Ik
tink datsto dat wolst
Ik hoopje datsto dat wolst
Dan gean' wy fuort
Dan gean' wy fuort
Dan gean' wy fuort, fier fuort
Hé
Mei syn twaen
Nei fiere oarden, sinne oerjitte
Gean mei my mei
Ik
tink datsto dat wolst
Ik hoopje datsto dat wolst
Dan gean' wy fuort
Dan gean' wy fuort
Dan gean' wy fuort, fier fuort
Gean
mei, gean mei
Gean mei, gean mei
Gean mei,
Gean mei my mei
Gean
mei, ik sis gean mei
Gean mei, ik sis gean mei
Gean mei
Gean mei my mei
<
werom
***
Lytse
dingen
As ik dy help
Helpsto my ek?
Oan elkoar ferbûn
Genietsje fan frijheid
Ik kin oeral hinne
Wêr't gelok te finen is
Gean troch 't fjoer
In goed idee haw 'k betocht
De nekke útstekke
Foar in goed berjocht
In iepen doar
Falt samar ticht
Ik hâld 't ljocht yn't sicht
Mar net sûnder lytse dingen
Net sûnder lytse dingen
Net sûnder lytse dingen
Dêr kin 'k mei troch
Mar net sûnder lytse dingen
Net sûnder lytse dingen
Net sûnder lytse dingen
In kop kofje is genôch
Stik koeke derby
De honger neat te stillen
Wy meitsje lûd
Do knypst my yn't wang
Alles is goed
Ik bin fereale
Ik wol sa graach mei dy
Want ik wit wat ik krij
It binne oantinkens
Do bist echt te gek
We hawwe sa'n wille
Wat ik kear op kear fernim
De toan is hjir set
Lytse dingen fiele it sterkst
<
werom
***
Dizze stêd
Smelle
grêften, brede strjitten
Dan wer drok, dan wer ferlitten
En as ik yn in steechje bin
Kom ik geregeld kunde tsjin
Folle
bussen, folle treinen
Grutte parken, lytse pleinen
Simmers sitte yn iepen finsters
Fûgels, katten, hûnen, minsken
Dit
is de stêd dêr't ik fan hâld
Dit is de stêd fan de wrâld
Alle kroegen, alle minsken
Mear kinst ek net winskje
Dizze stêd hat alles wat ik wol
Yn
dizze stêd fiel ik my thús
Ja, dizze stêd dy heart by ús
Yn dizze stêd sprekt men twa talen
Ien stêd mei tich ferhalen
Fol
mei libben, fol muzyk
Yn dizze stêd fiel ik my ryk
Lytse kroegen, grutte sealen
Op dizze stêd bin ik fereale
Dit
is de stêd dêr't ik fan hâld
Dit is de stêd fan de wrâld
Alle kroegen, alle minsken
Mear kinst ek net winskje
Dizze stêd hat alles wat ik wol
Dit
is de stêd dêr't ik fan hâld
Dit is de stêd fan de wrâld
Dizze stêd hat alles
Dizze stêd hat alles wat ik wol
Dizze
stêd hat 'n protte kleuren
Dizze stêd hat 'n soad kultueren
Dizze stêd is fan dy en my
Yn dizze stêd fiel ik my frij
Dit
is de stêd dêr't ik fan hâld
Dit is de stêd fan de wrâld
Alle kroegen, alle minsken
Mear kinst ek net winskje
Dizze stêd hat alles
Ja
dit is de stêd dêr't ik fan hâld
Dit is de stêd fan de wrâld
Alle kroegen, alle minsken
Mear kinst ek net winskje
Dizze stêd hat alles
Dizze stêd hat alles
Dizze stêd hat alles wat ik wol
<
werom
***
Ritme
fan de leafde
Dyn
eagen dogge wat mei my
Ik wit net wat it is, it sit yn dy
Ik fiel my better, better as it wêze koe
It makket my wis, sa lokkich en it docht my goed
Dyn
mûle fielt sêft tsjin myn wang
yn myn nekke oant oeral fiel ik it sa
Eltse sekonde fiel ik myn hert heftiger gean
Dan bin it wer dyn eagen dy't sa goed folstean
En
myn hert dat slacht, slach ien
Myn hert dat slacht, slach twa
Myn hert dat slacht, it slacht, slach trije, fjouwer, fiif
Dat bin ik, ik jou de maat fan de leafde
Dat bin ik, ik jou it ritme fan de leafde
Dat bin ik, dat bin ik, dat bin ik, dat bin ik
Dat bisto, dy't fernimme lit dat ik libje
Dyn
eagen dogge wat mei my
Ik wit net wat it is, it sit yn dy
Eltse sekonde fiel ik myn hert heftiger gean
Dan bin it wer dyn eachen dy't sa goed folstean
It
binne dyn eagen, it is dyn mûle
It binne dyn lippen, it is dyn stim
Dyn eagen, mûle, lippen, stim dy't it binne
<
werom
***
Op
'e kofje by Pete
Ik
ha 'n flipperkast
de bal fljocht in kant op
Hij siket de task
de bal yn it rûn
Hy rekket gitaren
Ik stjit tsjin de kant oan
Hy hat in liet
Ik ha in sound fûn
Op 'e kofje by Pete
Ik wit wêr't alles stiet
Syn SG yn it wyt
De molke en sûker
't Is sa fan it wollen
't Sit sa yn it bloed
Neat is tefolle
In râne is goed
Yn alle hoeken
Krij ik de kick
Fan de frijheid
en de gitaarlicks
En ik hear it noch goed
De molke en sûker
Syn SG yn 't wyt
(Wa
bisto wa wa bisto)
Ik sei gjin namme
Hy frege: "fan wa bisto ien?"
In gitarist út Stiens
It kaam sa krekt
Ik sei in 'van der Werf'
En dit is echt wier
En hy sei:
Do bedonderst my net mear
Do bedonderst my net mear
Op
'e kofje by Pete
Ik wit wêr 't alles stiet
En syn SG yn 't wyt
De molke en sûker
Op 'e kofje by Pete
Kinsto
my hearre
Kinsto my sjen
Kinsto my hearre
Kinsto my sjen
Ik
wit wêr't alles stiet
Syn SG yn it wyt
De molke en sûker
Op 'e kofje by Pete
Op 'e kofje by Pete
<
werom
***
Hjir
De
strjitten binne wiet
Ik hear itselde liet
As in jûn lyn yn 'e grutte stêd yn it kafee
't Is tsjuster troch de rein
Ik bin hjir net mei dy
Al langer as in dei en in nacht allinne
En
ik wachtsje
It wurdt in lange nacht
In bange nacht
De twadde nacht
En ik mis dyn laits
Ek oerdeis
Kom by my
Kom werom
Hjir moatsto wêze
Ticht by my
It
skimert yn 'e strjitte
It hûs fielt wat ferlitten
De nacht wurdt kâld
Fan wa't ik hâld is fier fan my
De ljochten yn de stêd
Gean' oan, it wurdt al let
Ik tink oan dy, sa sûnder dy is mar allinne
<
werom
***
De
stoarm
Ik
bin in tinker, ik bin in master yn myn fak
Sjoch út it finster, ik sit op 't finsterbank
Ik bin in plant dy't groeit en altyd bloeit
Mar ek sa lilk is op 'e wrâld
Bin
in genieter, o ik hâld sa fan mysels
Fan bier drink ik liters, in kopke tee set ik del
Ik bin in sûplap, ik bin in skot yn 'e roas
De toarst dy jout it oan
Ik
bin de stoarm, ik gean hurder as de wyn
Sa bliuw ik ticht by mysels. want dat is wa't ik bin
Ik waai troch de tiid, der is fan alles wat ik fyn
Ik bin de stoarm dy't nimmer lizzen giet
Kin nachts net sliepe, oan it donker bin 'k sa wend
Gean dan mar op paad, fiel my echt in hiele fint
En deis mar sliepe, mar ik haw ek faak gjin sin
Ik sykje nei in nij begjin
Der
is muzyk dy't klinkt, dy jout my rêst
It dak giet derôf, ik fyn alles bêst
Ik haw 'n soad geduld: oeren en oeren
Wêr't se my mar hinne stjoere
<
werom
***
Rocker
Gefoel is nea te stjoeren
't Streamt sa út myn hert
Dûnsje, laitsje en gûle
Ik gean hiel faak op myn bek
'k Bin in rocker, 'k bin in roller
Ik gean myn eigen gong
'k Bin in rocker, 'k bin in roller
Ik ha in hert dat sjongt
Ik tink hiel faak oan de pine
By de leafde stean ik yn 'e min
Froulju kinne my wol sjitte
Se nimme my net sa 't ik bin
Nea kom ik fjirder
Opsletten yn 't gitaargeweld
Kinst der nea omhinne
Eltse dei opnij besteld
Ik lit neat besinke
Dochs kear ik it tij
Kinst der lang en breed oer tinke
Gjin latte is te heech foar my
<
werom
***
Lichem
en geast
Wy
binne grut wurden
Oan elkoar ferbûn
't ferstân is ûntwikk'le
Alles hat syn plak fûn
Fiel my sterk
Der giet neat mear út myn tinzen
Ik
rin samar in ein
Yn myn moaiste klean
Ik sjoch nei de minsken
En ik sjoch se stean
Fiel my sterk
Wol efkes fuort út de kjeld
De
wrâld is hurd
De wrâld is snel
It liket hjoed de dei eltsenien foar himsels
Fiel my sterk
Mar soms net lekker yn't fel
It
wurdt hieltyd earder tjuster
Hjoed is net de dei fan juster
't paad bjuster
goai dyn kop net yn'e wyn
As
lichem en geast ûntspoare
't tinken stoppet mar 't giet gewoan troch
En se moatte by elkoar
Tegearre troch ien doar
As lichem en geast ûntspoare
Skop der dan ris tsjinoan
Set alles nei dyn hân
Pas goed op dysels
Dan
wer dit
En dan wer dat
As 't der net om tinkst giest deroan kapot
Fiel my sterk
Ik gean net fan 'e wiis
Myn
eigen wei
Dêr't muzyk yn sit
Meist ynkomme
As 't my mar litst
Fiel my sterk
Ik fiel my nûmer 1
<
werom
***
Wekker
Sorry
It wie alwer de safolste kear
Dat ik te let kaam
En do sietst te wachtsjen op my
Sorry
Ferjou 't my foar de safolste kear
De alderlêste kear
De folgjende kear kom 'k op 'e tiid
En
leau my as ik sis
Dat ik net wekker waard
Net wekker fan de wekker
Fan de wekker net wekker waard
<
werom
***
Soargje
goed foar dysels
Ik
stap hjir mar wat om
En ik wit de grinzen
Ik draai my noch in kear om
Ik ha noch wat winsken
Minsken, tink derom
De film giet mar foarút
Giet noait werom
Dus jou dysels in tút
Soargje
dat it lûd kloppet
Soargje dat de sfear goed is
Soargje goed foar dysels
Dan giet 't nea mis
Meitsje
de sênes yn 't folle ljocht
Wêr't donker is, is 't net om 'e nocht
Ik sykje salang troch, oant 'krom is rjocht'
Ik bin sa gek as in spiker
En flean ik út de bocht
Soargje
dat it lûd kloppet
Soargje dat de sfear goed is
Soargje goed foar dysels
Dan giet 't nea mis
Fiel
my neaken, kinst my sjen
De passy is fjoer, dêryn leit talint
Fiel my frij, fiel my goed
En dit is wat ik dwaan sil hjoed
Soargje
dat it lûd kloppet
Soargje dat de sfear goed is
Soargje goed foar dysels
Dan giet 't nea mis
<
werom
***
't
Komt altyd wol goed
De strjitten binne leech
Ik rin troch in steech
't is sneintemoarns
Gjin ljocht dat baarnt
De auto's steane stil
Ik ha fan neat ferlet
Allinnich fan in bêd
Ik bin skjin oan ein
En wiet fan de rein
En pine yn 'e kop
't komt altyd wol goed
Ik ha in waas om my hinne
't komt altyd wol goed
Op 'e kop sjoch ik ek de sinne
't komt altyd wol goed
't komt altyd wol goed
Ik kom fan de stoel
Libje op gefoel
't komt altyd wol goed
De tiid hâldt gjin skoft
Sels as de bom ûntploft
Yn 'e stêd is 't izich glêd
Fan dizze jûn bin ik allang sêd
Ik fiel ympuls
Ik ferlies myn geduld
Ik smyt mei jild, Ik ha de wrâld optild
Der ferdwynt in bult
Nea gjin spyt mear nei de tiid
Der harket nimmen mear nei myn liet
Goai ik alle sjarmes yn 'e striid
Betelje ik altyd noch de heechste priis
<
werom
***
Thús
It
is midden yn 'e nacht
Sawat slutingstiid
Der wurdt lake, dûnse, dronken
En de lêste is fan my
It is midden yn 'e nacht
Mei
wat freonen yn 'e kroech
'k Hie se sa lang net mear sjoen
En ik tink net by mysels
Wannear sjoch ik se wer?
Ik wol no nei hûs
Dat
is dêr't ik wêze wol
Dêr fiel ik my thús
Gjin better plak foar ús
Dat is it hielendal
Foar dy, foar my, foar ús
Gjin better plak as thús
Held're
himel, folle moanne
Stjerren by de rûs
Skaad ferskynt op 'e muorren
Ik rin hjir, ferlitten strjitten
Myn doel dat is myn hûs
Dat
is dêr't ik wêze wol
Dêr fiel ik my thús
Gjin better plak foar ús
Dat is it hielendal
Foar dy, foar my, foar ús
Gjin better plak as thús
<
werom
|